Hâld Moed yn Foodies Magazine
Foodies Magazine gie op ûntdekkingsreis troch Fryslân, en ús ciderij stie op it programma.

Yn juny fan dit jier wie Bas Erkens fan Foodies Magazine by ús yn Himmelum. Hy skreau in reisferhaal oer de lokale smaken fan Fryslân. Dat die er yn gearwurking mei Visit Friesland en tegearre mei Anne Madrid y Lopez fan de pop-up Fort 10.
De dei begûn by Mevrouw de Molenaar yn Witmarsum, mei farsk brea út in monumintale mole. Dêrnei rieden se troch nei ús apelhôf. Tusken de beammen fertelde Yde oer it hôf, oer it lân dêr't eartiids de kij fan syn âlders rûnen en oer hoe't de leafde foar cider ûntstie.
Fansels waard der ek priuwd. Earst kaam Freule, ús mousserjende cider makke neffens de Méthode Traditionnelle. Dêrnei wiene Mjitsk en Aprillis oan bar. Bas wie der wiis mei:
"Je proeft de lokale smaken van Friesland in elke slok cider van Yde."
De dei einige mei in lunch by Fort 10, oan it wetter by Zeilschool de Morra, hjir yn Himmelum.
Wy binne grutsk dat ús cider in plak krige yn dit ferhaal oer Fryske smaken, tegearre mei oare Fryske makkers. Tige tank, Bas en Anne!
Lês it hiele artikel yn Foodies Magazine →













































