Oer ús,

Nei de middelbere en hegere lânbouskoalle bin ik, Yde Yntema, yn 1994 nei Ingelân gien foar in masters yn marketing. Ik wie al in pear kear yn it Feriene Keninkryk west foar in skoallereiske, staazje en in útwikseling. Ik fûn it altyd in ynteressant lân. It wie de bedoeling om nei de stúdzje werom nei Fryslân te gean en boer te wurden, mar dat is net bart. Nei it ôfstudearje bin ik as data-annalist oan de slach gien, earst yn de auto yndustry en sûnt 5 jier wurkje ik by Britisch Telecom. Underwilens troud mei twa bern wenje ik noch hieltyd oan de oare kant fan it kanaal.


Cider en Ingelân.

Mei trochinoar in ferbrûk fan oer de 30 liter per persoan per jier is it Feriene Keninkryk it cider lân fan de wrâld. In soad Ingelsen begjinne mei cider as hja four it earst útgean. Ingelsen hawwe dan ek mingde gefoelens as it oer cider giet; moaie oantinkens en soms minne om't hja yn harren jeugd 2 liter plastic flessen cider by de supermerk kochten. Mar útsein de goedkeape yn de massa makke cider binne yn Ingelân ek hiele goede, en djoere ciders te krijen dy mei de bêste winen en sjampaignes te fergelykjen binne. Yn de lêste kategory wie ik altyd ynteressearre. As studint hâlde ik net fan bier en wie ik ek net in geweldige wyn leafhawwer mar in glês goede cider gie der wol yn!


Werom nei ôf.

Jierren lang ha ik der oer tocht om op de buorkerij yn Himmelum sels wat apelbeammen te plantsjen om cider te meitsjen. Fansels nea wat mei dat idee dien, altyd fiersten te drok dwaande. Mar yn 2012 siet ik mei Anne, myn frou, op Schiphol op in vertrage flecht te wachtsjen. Anne begûn my troch te seagjen of ik noch dreamen hie foar de takomst, of der noch dingen wiene dy ik dwaan woe dy ik noch net dien hie. Nei in skoftsje, faaks om gewoan fan it petear ôf te wêzen, fertelde ik har oer it cider idee. Hja sei gelyk: dat moatsto dwaan...


Probleemke.

útsein dan it drinke fan, hie ik net folle ônderfining mei en kennis fan cider en hoe cider makke wurdt. Sawol myn frou Anne as ik hawwe lânbou studearre, dat helpt, ek krigen wy lessen oer foodtechnology, dat helpt ek. Mar oer apelbeammen en it meitsjen fan cider wisten wy net in soad. Dus mar op fakânsje yn Hereford, it cider gebiet fan Ingelân. We hawwe bedriuwen besocht en in kursus cider meitsjen folge, en in soad lêzen en research dien.


Oplossing

Nei in jier of sa wisten wy wat we dwaan woenen. Yn Himmelum hiene wy in moai stik lân fan oardel hektare mei oan trije kanten beamwâlen. Hiel mooi foar in hôf. It plan wie om der 650 healstamme apelbeammen te plantsjen. Healstammen groeie flugger as heagstammen en hawwe minder lêst fan heech gers as lytse beammen. Wy woene in hôf mei san min mooglik ûnderhâld en wurk. Allinne meane en snoeie mar net spuitsje en sa. Wy hawwe 12 soarten apels intsje litten, de helte 100% cider apels en oare soarten dy't brûkt wurde kinne foar apelsop en foar cider. Yn novimber 2015 binne de beammen plante.


It lange wachtsje.

De earste jierren falt der net folle te belibje. It gers meane is moai wurk want in it hôf sitte en soad bisten.

 Wy hawwe alle jierren in pear reeën mei jongen en der is in dassenboarch. Der binne fügels en ynsekten dy't ik noch nea sjoen ha. Yn de simmer begjinne de lytse beammen op echte beammen te lykjen, winterdeis, as de blêden der ôf binne lykje apels noch in dream.


De takomst is begûn.

Einlings yn 2019 kinne wy de earste rispinge parse litte. It parsen bart yn Grins by de Firma Oudenbosch. It jier dêrnei bringe wy ús earste cider op de merk. Dat wie yn pear wiken útferkocht.

Yn 2022 parse wy foar it earst sels. De mannichte apels út it hôf is no sa grut dat it te folle tiid kostet en te djoer wurdt om se mei in buske nei Grins te bringen. Tafallich wie der dat jier in grutte twaddehâns parse te keap op it ynternet. De parse kin likernôch 450kg apels yn in kear oan. Dat betsjut dat wy tusken de 2 en 2,5 ton per dei ferwurkje kinne.

De distribúsje fan de cider wurdt fersoarge troch Greydanus BV fan it Hearrenfean.

 


Novimber 2015 | De beammen stean klear om plante te wurden.
Novimber 2015 | Meiwurkers fan de firma EMPATEC planten de beammen.
Share by: